Stasjon Harlingen Haven klear

10 jun 2010 - 12:42
  • Foto's: Omrop Fryslân

Harlingen Haven is it earste treinstasjon fan Nederlân mei it Arrivalogo. De opskriften fan 'e Nederlânske Spoarwegen binne ferfongen troch dy fan ferfierder Arriva. De feestlike ynwijing wie tongersdei. It stasjon Harlingen Haven hat fyftjin moannen ticht west. Yn dy tiid binne it spoar en it perron fernijd.

Arriva rydt op sawat hûndert stasjons yn Nederlân. Op dy stasjons wurde de NS-buorden de kommende wiken ek ferfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)