Starum sit sûnder wetter nei lekkaazje

20 feb 2015 - 15:36

Sa'n sechtich húshâldens oan de Ringstrjitte en de Koggestrjitte yn Starum hawwe freed de hiele moarn sûnder wetter sitten. By wurksumheden oan 'e dyk wie in wetterlieding sprongen. Wetterbedriuw Vitens hie de hiele moarn nedich om it lek te reparearjen. Om twa oere middeis hienen de Starumers wer wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)