Starum fiert 950 jier as stêd

03 jan 2011 - 13:50

Starum fiert it hiele jier feest omdat de stêd dit jier al 950 jier stedsrjochten hat. Starum is dêrmei de âldste stêd fan Súdwest-Fryslân. Mei it feest waard dalik op de earste dei fan it jier begûn yn sintrum de Kaap. Dêr wie de offisjele start en in moadeshow yn midsieuske klean.

Der komme ek eveniminten dêr't in soad te belibjen is foar minsken fan bûten Starum. Dêr is de stichting Staveren 950 foar oprjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)