Startskot oanlis twa slûzen

13 okt 2009 - 14:07

Yn Alde Leie is tiisdei it startskot jûn foar de oanlis fan twa slûzen yn de Noardlike Alvestêderûte, de rûte fan Berltsum nei Ljouwert. De slûzen komme yn Alde Leie en Wier. Wethâlder Jaap Keizer fan de stjoergroep makke tiisdei ek bekend dat Jansma Wegen en Milieu út Drachten ien fan de partijen is dy't it wurk dwaan mei.

De slûzen binne nei alle gedachten ein 2010 klear. Troch de oanlis ferwachtet de regio dat it toerisme en de wurkgelegenheid mei 30 prosint groeit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)