Startskot foar Geweldig Express

29 jan 2001 - 15:54

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels en boargemaster Dankert fan It Bilt jouwe moandei yn Sint Anne it startskot foar de 'Geweldig Express'. Dat is in trailer mei in ynteraktive útstalling oer sinleas geweld.

Oare tema's fan de útstalling binne foaroardielen, rûzje en minsken 'dy't altyd it lilke bist binne'. De Geweldig Express docht 28 plakken yn Fryslân oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)