Startersjild SW-Fryslân is op

05 sep 2012 - 06:33
  • Jild

Starters yn de gemeente Súdwest-Fryslân kinne gjin gebrûk mear meitsje fan in startersliening. De pot fan sa'n 3 miljoen euro is leech. De goed 70 nije húseigeners dy't fan de regeling gebrûk makke hawwe, kinne har liening fan de gemeente no noch net werombetelje. Dêrtroch komt der gjin jild binnen foar nije starterslieningen. It liket der net op dat de gemeente sels noch nij jild foar de regeling beskikber stelle kin.

Wethâlder Akkerman is wol mei wenningkorporaasjes yn petear om te sjen hoe't starters dochs noch stipe wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)