Startersgebou op kenniskampus

07 jun 2011 - 21:13

By de nije kenniskampus yn Ljouwert komt in sammelgebou foar startende ûndernimmers. Dat wol it Ontwikkelbedrijf Leeuwarden. It plan kostet 3,1 miljoen euro, wêrfan 2 miljoen fan it Ontwikkelbedrijf sels komt.

Tsientallen starters soene dêr in plakje krije moatte. De provinsje wol goed 3 ton yn it plan stekke. Der wurdt ek hope op jild fan de gemeente Ljouwert en Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)