Starteilân Grou yn oare hannen

04 okt 2008 - 13:38
  • De deputearre en Marit Bouwmeester
  • Durk Talsma fan stifting Zeilsport Grou

It behear fan it starteilân Pikmar by Grou is sneontemoarn offisjeel yn hannen kaam fan de stifting Zeilsport Grou. Dat is in kombinaasje fan trije wettersportferienings en jeugdherberch Oer 't Hout.

De Marrekrite bliuwt eigner fan it eilân, mar frijwilligers fan de stifting sille der foar soargje dat it kreas bliuwt. Foar de gewoane, rekreative boatsjeminsken feroaret der net in soad. Dy kinne as der gjin wedstriden binne, fergees oanlizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)