Starteilân wurdt keal

05 mrt 2012 - 21:41

It Starteilân yn de Snitsermar wurdt keal. Alle wylgen binne siik en wurde de kommende trije jier omhelle. Beamkers hawwe trije jier ferlyn de 'watermerkziekte' op it eilân fêststeld. Der is besocht om de saak te rêden troch de sike beammen derút te heljen, mar dat plan slagge net.

De 'watermerkziekte' is sa besmetlik dat alle oare beammen oanstutsen binne. Kappe is de iennige oplossing om foar te kommen dat de baktearjesykte nei de fêste wâl oerslacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)