Start wenningbou Ee-burg

12 nov 2009 - 14:36
  • De lêste faze fan Ee-burg rint fol

Kommende moandei begjint de bou fan 72 wenten yn de wyk Ee-burg yn Ljouwert. It is de lêste faze fan it nijbouplan, dat meielkoar in dikke 230 huzen telt. Ein febrewaris is begong mei de ferkeap fan de 72 wenningen.

Binnen in heal jier is 60% ferkocht. Dat persintaazje wie nedich om mei de bou te begjinnen. De huzen wurde yn septimber 2010 oplevere. It giet om 30 rychjeswenningen en 42 twa-ûnder-ien-kap huzen. In part fan de wenten leit oan de Dokkumer Ie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)