Start Radio Waddenzee útsteld

29 maaie 2004 - 00:00

De start fan it nije radiostasjon Radio Waddenzee is útsteld. It stasjon wie fan doel om op 1 juny fan dit jier út ein te setten. De programma's soene spesjaal rjochte wêze op de toeristen op de eilannen.

De kosten foar it pleatsen fan tydlike stjoermêsten yn Stiens binne lykwols te heech. It definitive plak foar de mêsten is Harns, mar dêrfoar binne de prosedueres noch net trochrûn. Nei alle gedachten is dat foar 1 augustus klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)