Start PvdA-kampanje

09 jan 2010 - 10:32

Yn Ljouwert is sneon de Fryske start fan de PvdA-kampanje foar de riedsferkiezings fan maart. Dat is tagelyk mei de nijjiersresepsje fan de partij. Under oare alle Fryske listlûkers wurde foarsteld.

Op de resepsje wurdt ek stilstien by it ferstjerren fan it Ljouwerter riedslid Hendrik ten Hoeve. Ald-Ljouwerter en Twadde Keamerlid Diederik Samson is ek útnoege yn Ljouwert. Hy komt mei in 'PvdA-antwurd op Geert Wilders en Alexander Pechtold'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)