Start part projekten KH 2018

28 maaie 2014 - 12:26
  • KH 2018

De basis foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 stiet. Neffens programmadirekteur Oeds Westhof is de helte fan de goed fjirtich projekten úteinset mei it opsetten fan de organisaasje en it sykjen nei jildboarnen.

Dy foarstellings ha in langere organisaasjetiid nedich. It giet dan ûnder oare om 'Under the Tower' fan regisseur Jos Thie en Bouke Oldenhof. Sy sammelje ferhalen fan de koster en meitsje dêr in toanielstik fan.

Om de organisaasjes te helpen by it oanfreegjen fan subsydzjes sil de direksje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd begjin septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert in loket iepenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)