Start oanlis dyk Marsum-Stiens

22 sep 2011 - 16:39
  • Deputearre Sietske Poepjes makket har klear foar de start
  • Foto's: Omrop Fryslân

Deputearre Poepjes joech tongersdeitemiddei yn Bitgum it startsein foar de wurksumheden oan it Noardwesttangint. Dat is de nije ferbiningsdyk tusken Marsum en Stiens. Dy moat Noardwest-Fryslân better berikber meitsje. Boppedat moat der minder ferkear troch de doarpen komme.

Yn de nije dyk komme ek trije autotunnels. It wurk moat yn novimber 2013 klear wêze. De oanlis fan de dyk kostet tsientallen miljoenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)