Start oanlis De Kamp Wânswert

20 jul 2008 - 15:33

De oanlis fan rekreaasjeterrein De Kamp yn it sintrum fan Wânswert kin begjinne. It bestjoer fan de stifting Mei Feart en Faasje lit witte dat alle fergunnings binnen binne. De Kamp wie earder yn gebrûk as greide en krige earder in wenbestimming.

Yn oerlis mei de eigner fan de grûn en de gemeente Ferwerderadiel is derfoar keazen dy bestimming te feroarjen. Op it nije rekreaasjeterrein komme in lytse útwreiding fan de haven, in boarterstún en in parkearterrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)