Start nije wenwyk Drachten

07 okt 2010 - 20:06
  • It plak dêr't nije huzen komme moatte (foto Omrop Fryslân)

Yn de Drachtster wenwyk De Bouwen sille de kommende jierren in pear hûndert hierhuzen opknapt wurde. Der wurde ek huzen sloopt foar nijbou. Tongersdei wie nei fjouwer jier fan praten en plannen meitsjen de start fan it projekt. Yn de wenwyk steane in soad hierhuzen út de sechtiger jierren.

Bewenners út de wyk hawwe meitocht oer de nijbouplannen. Binnen no en tsien jier moat it wenprojekt klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)