Start moardsaak Heijltjes

31 okt 2013 - 10:07

De 33-jierrige fertochte fan de moard op Marijke Heijltjes stiet tongersdei foar de rjochter yn Ljouwert. Heijltjes waard ferline jier septimber yn Easterwâlde om it libben brocht. De fertochte hat bekend. Hy bruts by har yn om't er jild nedich hie. It is ûndúdlik hoe't de man Heijltjes om it libben brocht hat.

Yn de rjochtsaak wurdt tagelyk ek in rige oerfallen behannele, dêr't man fan fertocht wurdt. It giet ûnder oare om in oerfal op snackbar De Kolk yn Bakkefean, garaazje Van der Kooy, de Primera en de Scapino yn Easterwâlde.

Foar de behanneling fan de saak is de hiele dei útlutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)