Start moanne fan Fryske boek

03 sep 2010 - 15:40

De kâns dat je wer minsken mei in kroade fol Fryske boeken oan 'e doar krije is oanwêzich. Utjouwers fan Fryske boeken wolle der wer mei útein sette. Ek oare aktiviteiten moatte it Fryske boek populêrder meitsje.

Want it Fryske boek, al binne der in hiel soad fan, wurdt minder goed ferkocht. En dat is spitich. It Fryske boek moat út de negative sfear helle wurde. Mei bygelyks twittergedichten en muzyk. Freed begjint de moanne fan it Fryske boek mei in boekebal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)