Start gersbaanseizoen útsteld

21 mrt 2013 - 09:54

De gersbaanwedstriid dy't foar takom snein yn it Drintske Vries ferriden wurde soe, giet net troch. Troch de lege gefoelstemperatueren is de feiligens fan de koereurs en dy fan de frijwilligers net te garandearjen. Boppedat is it de ferwachting dat troch it kâlde waar de belangstelling ek minder wêze sil.

De wedstriid is no ferpleatst nei 14 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)