Start gemeente Fryske Marren

02 jan 2014 - 07:28
  • De Fryske Marren

It nije kolleezje fan de Fryske Marren wurdt tongersdei ynstallearre. Oant twa oere middeis is boargemaster Arie Aalberts de iennige offisjele bestjoerder fan de nije fúzjegemeente de Fryske Marren. Aalberts is sûnt de jierwiksel waarnimmend boargemaster en neffens eigen sizzen moat hy dizze dagen gelyk fol oan de bak.

Oer de namme fan de gemeente hat ferline jier al wat opskuor west. Offisjeel hjit de fúzjegemeente no noch de Friese Meren, de wurktitel. Aalberts ferwachtet dat de gemeenteried meikoarten praat oer de definitive namme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)