Start fjirde omloop Bûnspartij

09 jun 2014 - 15:27

De Bûnspartij komt hieltyd tichteby de beslissende ronden. De partoeren op de fjirde list binne yntusken los. Skearnegoutum wûn op de fjirde list fan Deinum, Minnertsgea wûn fan Boalsert. Winst wie der ek foar Frjentsjer, dat mei alles oan 'e hang te sterk wie foar Berltsum. Op de fyfde list nimme Pieter van Althuis, Patrick Scheepstra en Jan Schurer (Frjentsjer) it op tsjin Seisbierrum/Pitersbierrum, dat as steand nûmer nei de fyfde omloop gong.

Troch de winst op Tsjummearum is Bitgum as earste partoer wis fan in plak yn de heale finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)