Start fan Bobsport-kampanje by Fryske derby

15 feb 2015 - 08:51
  • BOB logo

De Bobsport-kampanje set snein yn Fryslân útein. Dat bart by de wedstriid tusken Cambuur en SC Hearrenfean. De kampanje hat as doel dat minder minsken ûnder ynfloed autoride nei in besite oan de sportkantine. Ferskate Fryske organisaasjes lykas Sport Fryslân en it Platfoarm Nuchtere Fries wolle sporters en supporters derop wize dat it wichtich is om in Bob te regeljen. Dy kin de freonen sûnder drank op nei hûs ride.

Yn de rêst fan de fuotbalwedstriid wurde de earste Bobsport-pakketten útrikt oan de foarsitters fan de supportersferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)