Start en finish fan LOOP Leeuwarden is op it Saailân

31 des 2015 - 13:31
  • Loop Leeuwarden starte oars altyd by de Aldhou

De start en finish fan de 10e Loop Leeuwarden is dit jier op it Saailân, de dielnimmers wurde huldige op de treppen fan it paleis fan justysje. By de eardere edysjes wiene start en finish altyd op it Aldehoustertsjerkhôf. It rin- en hurddraafevenemint is dit jier op snein 22 maaie.

Yn ferbân mei de jubileumedysje is der op sneontejûn in Nightrun oer fiif kilometer troch de ferljochte binnenstêd fan Ljouwert. Wa't him ynskriuwt foar de Loop op snein, mei op sneontejûn ek meidwaan. De ynskriuwing begjint op nijjiersdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)