Start bou nije kazerne Warkum

07 maaie 2010 - 21:23

De bou fan in nije kazerne markeart in nije start foar de brânwacht fan Warkum nei wat in hiel dreech jier west hat. Yn en by de brânwacht waarden se mei trije trageedzjes konfrontearre; se binne in kollega ferlern en troch harren wurk wiene se belutsen by saken dy't it libben kosten fan trije bern.

Der is al úteinset mei de bou fan de kazerne. Freed waard troch boargemaster Boekhoven fan Nijefurd noch in plakette pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)