Start bou MFS Camminghabuorren

13 maaie 2008 - 16:37

Yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is tiisdei in begjin makke mei de bou fan in nij multifunksjoneel sintrum. De bou soe al folle earder begjinne, mar troch hegere boukosten rûn it projekt fertraging op.

It nije multifunksjonele sintrum komt op it plak fan it hjoeddeistige wykgebou. Yn it sintrum komme ûnder oare in wykrestaurant en tolve apparteminten foar âldere minsken dy't soarch nedich hawwe en in jongereinsintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)