Start bitekampanje ûnder druk

17 sep 2001 - 00:00

De start fan de bitekampanje stiet ûnder druk troch it wiete waar. De kampanje soe takom wike út ein sette, mar it no op in soad plakken te wiet om de biten kreas de grûn út te krijen.

By de Suiker Unie yn Grins wurdt útstel fan de kampanje mei maksimaal in wike, net útsluten. It beslút dêroer wurdt uterlik tongersdei naam. Bite-agent De Jong fan Ternaard wol gau útslútsel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)