Start baggerjen Boarnsterhim

16 okt 2012 - 19:21
  • Start wurksumheden yn Idaerd

Yn Idaerd is tiisdeitemiddei it startskot jûn foar it baggerjen fan de farwegen yn de gemeente Boarnsterhim. Mei in saneamde baggerbeul waard de earste modder troch bewenners fan Idaerd en Eagum út de Kromme Sleat helle. De kosten fan it hiele baggerprojekt binne sa'n seis miljoen euro.

It wurk wurdt kombinearre mei wurksumheden oan kaden. It gehiel is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt. Foar Idaerd en Aegum wie it al lang lyn dat der wat oan de opfearten dien wie. De bewenners binne dan ek bliid mei it projekt.

Foar de boufak fan 2013 moatte de opfearten nei de twa doarpen op djipte wêze en de kaden klear foar de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)