Start Alvestêdekuiertocht

27 maaie 2003 - 00:00

Tiisdeitemoarn hat boargemaster Pitlo fan Gaasterlân/Sleat it startskot jûn foar de 57ste Alvestêdekuiertocht. Dy start wie by de Harmonie yn Ljouwert. Goed 700 kuierders setten dêr út ein foar de earste etappe oer 42 kilometer nei Sleat.

De Alvestêdetocht giet oer in ôfstân fan 210 kilometer en wurdt yn fiif dagen ôflein. Freed kinne leafhawwers ien dei meirinne fan Frjentsjer nei Dokkum. De finish is sneon yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)