Start 42 nije hierwenningen foar De Pauw yn Drachten

17 aug 2015 - 15:06

Wenningboukorporaasje Accolade is yn Drachten úteinset mei de bou fan 42 nije hierwenningen. De huzen komme yn de nijbouwyk De Pauw, dêr't earder ek al 20 hierwenningen boud binne. Njonken de hierhuzen wurde der ek noch achttjin keapwenningen delset. In part fan de hierhuzen dy't no boud wurde, sil enerzjyneutraal wêze.

Se krije ûnder oaren ekstra isolaasje, ekstra dik glês, in waarmtepomp en sinnepanielen. De bou moat ein dit jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)