Stappers falle plysjes oan yn Jirnsum

23 nov 2015 - 10:00
  • Plysjehûn

In grutte groep stappers rjochte him dit wykein yn Jirnsum tsjin de plysje. In 49-jierrige Winsumer sloech in plysjefrou mei de fûst tsjin de holle en besocht ek oare plysjeminsken oan te fallen. In plysjehûn biet him yn de skonk. De man is oppakt.

Nei ôfrin fan in feest sneontenacht yn in horeakagelegenheid oan de Grousterdyk yn Jirnsum ûntstiene meardere rûzjes. De plysje grypte yn, mar in grutte groep minsken kearde him tsjin de plysje. Tritich plysjeminsken en twa plysjehûnen kamen yn aksje, dêrby brûkten se de wapenstok en pepperspray.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)