Stappen tsjin útwreiding Soal

10 mrt 2013 - 12:48

De fûgelwacht fan Warkum en de stifting ta behâld fan natuer en lânskip Nijefurd sette har proseduere tsjin de útwreiding fan rekreaasjepark it Soal by Warkum troch. Se binne nei de Raad van State stapt om't se der op tsjin binne dat yn it gebiet tusken de Suderseeleane en de Warkumerwaard in parkearterrein en boateberging komt. Se wolle dat dat gebiet as buffer bestean bliuwt tusken de natuer en de bebouwing. Op fersyk fan de Raad van State hat der wer oerlis west tusken de gemeente en de natuerorganisaasjes. Dat hat neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)