Stappen fiskers tsjin minister?

12 okt 2000 - 16:15

Belange-organisaasjes fan Iselmarfiskers wolle minister Brinkhorst foar de rjochter slepe. De fiskers wolle it rapport hawwe dêr't yn stiet dat der dioksine yn 'e Iselmariel sit.

Brinkhorst wegert oant no ta it rapport oer de dioksine-iel iepenbier te meitsjen. Fiskers en it produktskip fisk wolle de minister dêr no ta twinge. De fiskers sille de iel no sels ûndersykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)