Stap fierder foar de gearwurkingsskoallen yn Smellingerlân

03 feb 2016 - 16:12
  • IBS Yn 'e Mande op De Rottefalle giet ek op yn gearwurkingsskoalle

Yn Drachten wurdt woansdeitejûn offisjeel úteinset mei de gearwurkingsskoallen fan iepenbier en kristlik ûnderwiis yn De Rottefalle, Aldegea, De Pein en Drachtsterkompenije. Yn desimber ferline jier hawwe de meisizzenskipsrieden fan de acht skoallen al ynstimd mei de komst fan fjouwer skoallen per augustus 2016.

De skoallen hawwe al jierren te krijen mei in delgong fan it oantal learlingen. De lêste fjouwer jier binne der sels 25 persint minder bern. De meisizzenskipsrieden hawwe earst mei har eigen direkteur in offisjele seremoanje.

Dêrnei is der ek noch in mienskiplik momint yn bywêzen fan ûnder oaren wethalder Ron van der Leck fan Smellingerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)