Stânpunt DS oer wynmûnen

28 okt 2014 - 08:02

Deputearre Steaten meitsje tiisdei har stânpunt bekend oer de lokaasjes fan de takomstige wynmûnen yn ús provinsje. Yn totaal moat der neffens lanlike ôfspraken 550 megawatt oan wynmûnen boud wurde. De diskusje oer wêr't se dan krekt komme moatte wie fûl. Mar ek ferskate organisaasjes hawwe meidien yn de diskusje, lykas it Fryske Gea. Dy wol wynmûnen allinnich lâns diken en by bedriuweterreinen.

Ferskate aksjegroepen hawwe de ôfrûne moannen aktyf west om wynmûnen te kearen of kamen mei eigen plannen om mûnen te bouwen.

It foarstel dêr't Deputearre Steaten mei komme, is net definityf. Op 17 desimber sille Provinsjale Steaten der noch oer te set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)