Stank wurdt 50% werom brocht

17 nov 2010 - 06:28
  • De ynformaasjejun mei achter de tafel boargemaster Aalberts

Binnen in heal jier moat de stankoerlêst fan Teeling Petfood yn Feanwâlden oplost wêze. Dat hat it bedriuw tiisdei beloofd oan de ynwenners. It fabryk en de gemeente Dantumadiel hawwe ôfpraat dat de geur-útstjit op 1 maaie de helte minder wêze moat as no.

As it bedriuw him net oan de ôfspraken hâldt, dan sil de gemeente optrede mei in boete of oare maatregels. Teeling Petfood keapet in nije ynstallaasje om de stank te ferminderjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)