Stânfries wint fan VDW-OLS

07 mrt 2005 - 12:57

Stânfries is wis fan in plak yn de nij te foarmjen haadklasse yn it sealkuorbal. De Redústers wûnen de lêste wedstriid fan it sealseizoen yn Assen fan VDW-OLS mei 16-20. Troch dat resultaat einige Stânfries as twadde yn de oergongskompetysje C.

SCO is yn de oergongsklasse D kampioen wurden. De ploech út Aldeholtpea wûn thús mei 21-11 en bliuwt dêrmei Oost Arnhem op de ranglist foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)