Stânfries 10 wurdt monumint

04 maaie 2004 - 00:00

De Stânfries 10 krijt offisjeel de status fan Farrend Monumint. It beurtskip út 1912 is de lêste jierren restaurearre op grûn fan in skaalmodel en ien âlde foto. De Stânfries krijt de saneamde A-status fan de Federaasje Oud Nederlandse Vaartuigen. Dat bart op 15 maaie by de iepening fan it wetterportseizoen yn Grou.

De Stânfries 10 is it earste skip foar de nije Ljouwerter museumhaven oan de Willemskade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)