Standstill foar plomfee

04 apr 2003 - 00:00

It ministearje fan Lânbou hat foar hiel Nederlân in saneamde stand-still foar it ferfier fan plomfee, aaien en dong ôfkondige. Ek oare bisten fan bedriuwen mei hinnen mei net mear ferfierd wurde.

It ministearje nimt de maatregels fanwege de fûgelpest. Dy is no mooglik ek opdûkt yn Limburch. Earder wiene fersoepelingen trochfierd, mar dy maatregels wurde weromdraaid. NLTO yn Drachten oerleit oer de gefolgen fan de stand-still.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)