Stand-still foar plomfee bliuwt

07 apr 2003 - 00:00

It ministearje fan Lânbou hat de stand-still foar de plomfeesektor foar ûnbepaalde tiid ferlingd. Dat betsjut dat it ferfiersferbod foar plomfee, aaien en dong fan krêft bliuwt.

It ferbod hat grutte konsekwinsjes foar boeren dy't molkfee en plomfee ha. By har wurdt gjin molke mear ophelle. De earste boeren moasten de molke dit wykein al yn de jarreput rinne litte. Yn it Noarden en Easten fan it lân ha no al 250 boeren de molke rinne litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)