Stand oer Foekje by maraton

23 maaie 2008 - 14:38
  • By de maraton fan Ljouwert is ek in stand mei materiaal oer Foekje Dillema (rjochts)

De organisaasje fan de Foekje Dillema Memorial Run sil snein by de maraton fan Ljouwert mei in stand op it Aldehoustertsjerkhôf stean.

Yn de stand is histoarysk materiaal fan de Fryske atlete te besjen. De famylje fan Foekje hat it argyfmateriaal foar de stand yn brûklien jûn. Geeske Jorna wie sportfreondinne fan Foekje. En sy is op it stuit drok dwaande mei de gearstalling fan de lytse eksposysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)