Stânbyld Schuil op Zuiderplein

01 feb 2006 - 12:46

It stânbyld fan de koartlyn ferstoarne keatser Hotze Schuil komt op it Zuiderplein yn Harns. Dat hat de stifting Ouwe Seunen bekend makke, dy't fan de gemeente Harns de opdracht krigen hat om in stânbyld op te rjochtsjen.

Der wurdt op dit stuit noch praat mei in keunstner. Wa't dat is, is noch net bekend. It is de bedoeling dat it byld om 1 july hinne ûntbleate wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)