Stân fan saken yn de Waadsee is stabyl

21 jan 2016 - 10:42
  • Waadsee

De Waadsee is der net op achterútgien. Dat stiet yn in rapport dat minister Schultz nei de Twadde Keamer stjoerd hat. It minne nijs is dat de Waadsee der ek net op foarútgien is. Dat wie wol it doel. Yn in struktuerfisy hat it ryk it belied foar de Waadsee fêstlein. Sa moat de Waadsee ûnder oaren oantrekliker wurde foar floara en fauna.

Dat hat dus reedlik goed wurke, neffens it rapport. De Waadferiening fynt dat de evaluaasje oanlieding wêze moat om de fraach te stellen hoe't derfoar soarge wurde kin dat de Waadsee der wol op foarútgiet.

Belutsenen soene dêrby ek sjen moatte nei hoe't lannen as Denemarken en Dútslân belied en behear oer en fan de Waadsee organisearre hawwe.

Sjocht hjir foat it folsleine rapport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)