Stam nije bataljon-kommandant

21 okt 2014 - 14:34

Luitenant-kolonel Bert Stam wurdt op 14 novimber de nije kommandant fan it 44 pantserynfanterybataljon rezjymint Johan Willem Friso. Hy nimt it befel oer fan luitenant-kolonel Paul van der Touw.

It bataljon stiet bekend as it Frysk bataljon om't it ferneamd is nei de stedhâlder fan Fryslân. Dit bataljon hâldt sûnt 2012 har jierlikse rezjymintsdei yn Ljouwert, mei in defilee en in publike beëdiging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)