Stalker twa wike langer fêst

21 sep 2009 - 15:09

De Australiër (36) dy't in Fryske frou stalkt en bedrige hat, bliuwt noch fjirtjin dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris fan 'e rjochtbank moandei besletten. De Australiër en de Friezinne learden inoar fiif jier lyn kennen, doe't de frou op wrâldreis yn Australië wie. Doe't de frou gjin kontakt mear woe, bestookte de man de frou mei mail en sms-kes.

Koartlyn stapte er op it fleantúch en besocht by de eks-wurkjouwer fan de frou har adres te achterheljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)