Stalker falt Vaatstra lestich

20 feb 2006 - 00:00

De famylje Vaatstra wurdt al in jier lang lestichfallen troch in anonime stalker. De âlden fan de yn 1999 fermoarde Marianne Vaatstra fan de Westerein tinke dat de man yn Grinslân wennet.

De Vaatstra's krije faak steapels brieven wêryn't ferwiisd wurdt nei de moard op har dochter. De plysje, dy't him noch hieltyd dwaande hâldt mei de moard, seit dat se besiket de stalker te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)