Stâl foar eksportfee nei Ruslân

23 mrt 2006 - 10:41

De fraach nei jongfee foar de eksport nei Ruslân is op dit stuit sa grut, dat fee-eksporteur Schaap út Dronryp yn Wytmarsum in nije quarantainestâl ynrjochte hat yn de pleats fan kompjûtermiljonêr Strikwerda.

Alle moannen geane der hûnderten pinken nei Ruslân. Ynkoarten kin der ek fee nei Koeweit eksporteard wurde. Koeweit hat de grinzen jierren ticht hân fanwege it BSE-gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)