Stakings by MBO-skoallen

24 mrt 2014 - 22:33
  • website Friesland College

MBO's yn Noard-Nederlân fiere tiisdei aksje foar in bettere kwaliteit fan it ûnderwiis. De aksjes binne nedich omdat de wurkjouwersorganisaasje MBO-Raad wegeret ôfspraken te meitsjen om de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferbetterjen.

Dosinten hawwe hieltyd minder te sizzen oer de ynfolling fan de lessen en dat moat oars fine se op de skoallen. De fakbûnen hâlde fan 'e wike estafettestakings. Dy begjinne tiisdei yn stadion Euroborg yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)