Staking yn it busferfier

22 apr 2007 - 17:07
  • Arriva-sjauffeurs fiere aksje

Der ride yn Fryslân dizze hiele wike gjin Arriva-bussen tusken 9 oere moarns en 4 oere middeis en jûns nei 7 oere. Yn de spits ride de bussen wol, mar dan is der gjin kaartkontrôle.

Sjauffeurs fan Arriva dogge dit omdat se it net iens wurde kinne mei de wurkjouwersferiening oer in nije CAO. De sjauffeurs wolle graach mear lean. In pear wike lyn rûnen de ûnderhannelings fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)