Staking Vos Logistics foarby

12 des 2005 - 21:41

De wylde staking by Vos Logistics yn Surhústerfean is definityf foarby. Ek it personiel yn Veendam is akkoart gongen mei de ôfspraken dy't it personiel en de fakbûnen moandei makke hawwe. Earder op 'e dei gienen de meiwurkers yn Surhusterfean al akkoart.

Snein bruts by Vos yn Surhusterfean in wylde staking út. Ynset wie dat de direksje net mear Nederlânske sjauffeurs dien jout, om der riders út lege-leane-lannen foar werom te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)