Staking tsjin ûnderwiiswet

23 jan 2012 - 17:13
  • It Magister Alvinus yn Snits

Yn totaal 31 Fryske skoallen dogge tongersdei mei oan de lanlike staking tsjin ûnder oare de Wet Underwiistiid. Acht fan de 31 skoallen sille harren doarren folslein slute. Dat binne ûnder oare skoallen yn Ljouwert, Burgum en Kollum. De measte stakers binne te finen op it RSG Magister Alvinus yn Snits. Tachtich leararen sille dêr tongersdei stake. Dy skoalle giet in dei ticht.

Op 26 jannewaris hâlde de bûnen in aksjemanifestaasje yn De Jaarbeurs yn Utert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)